"Je gaat het pas zien als je het door hebt"
zei Johan Cruijff. Soms kan één nieuw inzicht je al helemaal veranderen. Wij willen jullie graag de belangrijkste sleutels aanreiken om een fijne relatie te krijgen.
Lees blog

Tips om te flirten

In soad singles fine it best wol eng om te flirten. "Is dat wol wat foar my?". Tuurlik is dat wat foar dy! Want flirte is oars net as in oar in goed gefoel jaan. En wat is d'r no leuker as in kompliment te krijen?   Want dat is watst oan it dwaan bist as't foan it flirtten bist. Mei wurden of mei in eachopslach. Maar meastentiids giet dit non-ferbaal.

As minsken sizze dat se net flirte kinne, bedoele se eins dat se it ôfleard hawwe. Lytse bern flirte namelik fan nature: tink oan die alderleafste, lytse peuter die't dy strielend oansjocht, syn holle skeef hâldt en nei dy laket. Dat binne klearebarre flirtsignalen. It effekt: we smelte gelyk. Spitiggenôch leare we dat op letere leeftyd wer ôf. We leare ús gesicht yn'e ploai te hâlden, en net te iepen kontakt te meitsjen. Hjir wat tips om ris lekker te flirten  (Enne, oefening baart kunst: it hoecht net yn ien kear goed te gean!). 

Flirttip 1

Wit dat it 'hoe' folle wichtiger is dan it 'wat'. It giet dus net sasear om watst seist mar hoest dat dochst. Net die geweldige iepeningssin bepaalt of't de oare dy leuk fynt, mar hoesto dy opstelst. In moaie laits of glimk hat dus folle mear effekt as die earste folsin diesto útsprekst. 

Flirttip 2

Kin de non-ferbale flirtsignalen: eachkontakt (net stoareachje!), glimkje en ast ien kear yn kontakt bist, de oare sa no en dan efkes oanreitsje. Froulju hawwe derneist noch in hiel arsenaal oan flirtsignalen ta hun beskikking: sy hâlde hun hollle skeef, reitsje harsels oan (hals, earmen ensaf.), buortsje mei hun hier en sieraden, slaan hun eagen del ensaf. Mannen hawwe wat minder extraatsjes ta hun beskikking mar meitsje hunsels wat grutter, lûke hun klean rjocht en wize mei hun skuon nei it wenstige doel. 

Flirttip 3

Flirt der ek ferbaal op los: wês boartlik, meitsje gebrúk fan humor en pleagje sa no en dan. Derneist is it ek wichtig om ynteresse te  toanen, in kompliment te jaan en goed te sjen nei wat oanslút op de oare.

Flirttip 4

Wês iepen en wês rjochte op de oare. De definysje fan flirten is, we seinen it al: de oare in goed gefoel jaan. Dat is dus wol wat oars as sjen litte hoe goed en hoe leuk ast sels bist. Hoe mear ast iepen en yntresseart bist yn de oar, hoe minder ast dwaande bist mei sels in goeie yndruk te meitsjen. En dat wurket!

Flirttip 5

Nim it net te serieus en nimk risiko! Ast it flirten wat mear as in spul learst te sjen, dan wurdt it in stik makkeliker. Oefenje dat spul ek. Meitsje earst ris wat faker in praatsje mei in fremdling. Nim ris wat risiko yn hokker ûnderwerpen ast oandraagst, meitsje in grapke en jou oandacht. Sast sjen dast meastentiids positive reaksjes weromkrigest. Elts minsk fynt it ommers noflik en fijn om positive oandacht te krijen en om sjoen te wurden. En silst sjen dat it nei wat oefenjen in stik makkeliker giet om kontakt te meitsjen en te flirten as die bysûndere man of frou yniens foar dy stiet!

 



Geplaatst op 04-04-2016 11:57

Bekijk al het nieuws!
Registreer je hier! Inloggen

Zoek je match!

Nieuws

Mensen met verkeerde bedoelingen
7 extra dagen lidmaatschap i.v.m. storing op onze site
Hilarisch radiofragment met RIchard bij 3fm
Interview met Judith tijdens Flirtcafe
Tips om te flirten

Volg ons!

Gegevens

© 2017 Farmers4love, onderdeel van JURI B.V. | Algemene voorwaarden | Disclamer